Jorwert yn 2,5 oere útferkocht

15 aug 2002 - 00:00

Alle 10.500 kaartsjes foar it iepenloftspul yn Jorwert binne woansdei yn twa-en-in-heal oere tiid ferkocht. De organisaasje hie foar de ferkeap 32 telefoanlinen útset op in callcenter.

De premiêre fan de foarstelling 'De feint fan twa masters' is woansdei 21 augustus. Dêrnei binne der noch 11 foarstellings, de lêste is sneon 14 septimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)