Boeren lang om let it fjild yn

© Omrop Fryslân
Nei in lange wiete perioade kinne de boeren lang om let rispje. De kombines koenen tiisdei it fjild yn om weet en garst der ôf te heljen. De boeren tinke dat se in legere opbringst ynhelje. Boppedat sille se der ek minder foar barre.
De earste notearingen yn Dútslân en Tsjechië wienen frij leech mei acht oant njoggen eurosinten de kilo.