Nestléfabryk bliuwt yn it wurk
Suvelfabryk fan Nestlé yn Skarsterbrêge bliuwt yn it wurk. It gebou en de masines wurde ferkocht oan in bedriuw yn Ermelo. Dat makket molkpoeier foar in bedriuw yn Voorthuizen. De oerdracht bart yn april takom jier.
De ferkeap hat gjin ynfloed op it sosjaal plan foar de wurknimmers. Likernôch 15 meiwurkers kinne by de nije eigner oan it wurk.