Rients van der Wal ljept 18.20

14 aug 2002 - 00:00

Rients van der Wal út Warkum wûn tiisdei it fierljeppen op it Heidenskip mei in sprong fan 18.20 meter. By de junioaren wie Bart Helmholt út Burgum de sterkste mei in sprong fan 18.02 meter. Jantine de Vreeze-van der Wal wie by de froulju de bêste mei 13 meter 90. By de jonges wûn Hannes Scherjon fan Noardburgum. Hy ljepte 16.06 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)