BWL bout 600 studintewenten

14 aug 2002 - 00:00

Studinten yn Ljouwert krije der 600 nije wenten by. Wenningbouferiening BWL wol de húsfesting oer fiif jier klear hawwe. De huzen komme ticht by de hegeskoallen te stean.

Yn 'e Fryske haadstêd hearsket de lêste tiid keamerneed. Dêrom is oan 'e Rengersleane in tydlik ûnderkommen mei 300 plakken delset. De rjochter docht tongersdei útspraak oer in buertprotest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)