Snorfytser dielt traap út

© Omrop Fryslân
In 32-jierrige Drachtster is moandei oanholden om't er in man mishannele hie. De fertochte ried op syn snorfyts oer de Berglaan en joech in 24-jierrige man út Drachten samar in traap yn 'e rêch. Dêrtroch foel it slachtoffer op 'e dyk. Hy hie ferskate skaafwûnen.
De fertochte waard oppakt. Hy sei dat ferskate minsken him frjemd oansjoen hiene en dat er dêrom de traap jûn hie.