Bedriuw De Jouwer ôfbaarnd

12 aug 2002 - 00:00

By it bedriuw Snijtech op De Jouwer hat moandeitemiddei in grutte brân west. Ferskate brânwachtkorpsen koene net foarkomme dat it pân folslein ferlern gie.

De brân is ûntstien yn de wurkpleats. Der hat gjin gefaar west foar de folkssûnens. Snijtech makket plaatmateriaal foar skippen. It bedriuw siet noch gjin jier yn it nije pân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)