Oerfaller betrape op kamera

09 mrt 2012 - 18:10

De man dy't woansdeitemiddei in hûs oan de Wilgen yn Drachten oerfoel is fêstlein op kamera. It giet om bylden fan in bewakingskamera dy't makke binne op it momint dat de man in fytspaad nei de Trisken oprûn.

De bylden binne troch de plysje op dadergezocht.nl set, yn de hoop dat ien de man werkent. Dy bedrige by syn oerfal de bewenster fan it hûs mei in wapen. Doe't har man fan boppen kaam, naaide de dieder út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)