Plysje lost seis oerfallen op

© Omrop Fryslân
Mei de arrestaasje fan twa manlju hat de plysje seis oerfallen yn Ljouwert en Harns oplost. De twa waarden sneon oppakt nei in tip nei in mislearre oerfal. De oerfallen wiene ôfrûne wike.
In arrestaasjeteam gie sneon mei geweld in hûs oan de Dokkumerstrjitte yn Ljouwert yn. Yn in pear miunten waarden de twa ôffierd. It wapen dat brûkt is by de oerfallen is yn beslach nommen.