Hearrenfean - Zaragoza: 2 - 2

12 aug 2002 - 00:00

De oefenwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin it Spaanske Real Zaragoza einige snein yn in 2-2 lykspul. By it skoft wie it 1-1. De wedstriid waard spile op Skylge op it fjild fan de Aester fuotbalferiening AVV.

De 1500 taskôgers seagen dat Stefan Selakovic en Mika Nurmela skoarden foar Hearrenfean. De kompetysje begjint foar SC Hearrenfean sneon út tsjin AZ.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)