Fergoedings foar planskea

11 aug 2002 - 00:00

Trije bewenners fan huzen oan it Oerterpvallaat yn Drachten krije tûzenen euro planskeafergoeding. Mei-inoar krije de trije 35.000 euro fan de gemeente.

De bewenners hiene in klacht yntsjinne om't se it kantoarepark Drachten foar de noas krigen ha. Dêrtroch is har útsicht bedoarn. Boppedat is it yn de strjitte folle drokker wurden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)