Rioelfout yn Minnertsgea?
Ynwenners fan Minnertsgea tinke te witten wat de oarsaak is fan de wetteroerlêst yn har doarp. Der soe in fout sitte yn it rioelstelsel ûnder de Tilledyk.
Freedtejûn rûnen ferskate huzen oan dy strjitte fol wetter, nei in stevige reinbui. By guon huzen streamden de keamers fol en koene de bewenners har meubels mar kwalik droech hâlde.