Koart plysjenijs

10 aug 2002 - 00:00

In wapene man hat freed in snackbar oan de Lorentzkade yn Ljouwert oerfallen. De man koe útnaaie mei in jildbedrach. De plysje koe him netr mear fine.

Op It Hearrenfean binne twa manlju oppakt foar fernieling fan auto's. De manlju, 22 en 23 jier, rûnen oer parkearde auto's hinne. Se binne meinommen nei it plysjeburo, tsjin har is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)