Margot Boer fyfde yn Berlyn

09 mrt 2012 - 17:39

Reedrydster Margot Boer is freedtemiddei by de finale fan 'e wrâldbeker yn Berlyn fyfde wurden op de 500 meter. Boer einige yn in tiid fan 38,48. Thijsje Oenema, dy't tsjin Boer ried, waard sechsde yn 38.51. Oenema makket noch kâns op kwalifikaasje foar it wrâldkampioenskip ôfstannen oer twa wike op It Hearrenfean. Boer is dêr al wis fan.

By de manlju einige Jan Smeekens as sechde yn 35.29. Hearrenfeanster Jesper Hospes ried 35.54 en kaam dermei net fierder as it santjinde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)