Fleantúch tsjin beam yn Drachten
Op de Drachtster Airstrip is freed in fleantúch tjin in beam flean. It giet om in Cessna mei allinnich de piloat oan board. Hy krige by de landing lest fan sydwyn en bedarre njonken de baan.
Yn it gers koe de piloat net goed remje, sadat er mei de masjine de beammen yn fleach. Alle ruten fan it tastel sneuvelen. De piloat kaam der fan ôf mei in pear skrammen.