Mei bakfyts fan skoalle nei SKL

10 aug 2002 - 00:00

De SKL, de Stichting Kinderopvang Leeuwarden, wol bern oant acht jier tenei mei in bakfyts fan skoalle nei bûtenskoalse opfang bringe. Dat ferfier bart no noch mei de taksi, mar dat is djoerder en net myljeufreonlik.

Fan moandei ôf wurde by wize fan proef seis oant tolve bern troch in begeleidster mei in giele bakfyts fan skoalle helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)