'Bankoerfal' yn Ljouwert

09 aug 2002 - 00:00

In betize frou hat freed foar opskuor soarge yn in Ljouwerter bank. De frou, út Assen, woe jild opnimme. Doe't dat net slagge sei se dat it in oerfal wie en drige dat se in wapen hie.

Al gau die bliken dat de frou net yn it besit fan in wapen wie en koe de alarmearre plysje har oanhâlde. Nei alle gedachten sil in dokter har ûndersykje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)