Katamaran foar frachtferfier

09 aug 2002 - 00:00

Rederij Doeksen hat in nije boat yn gebrûk nommen. It giet om in katamaran, dy't 250 ton fracht meinimme kin. Hy foer freed foar it earst nei Skylge.

De nije boat sil allinnich mar fracht ferfiere. De rederij wol dêr tenei de fearboaten net mear foar brûke. Passazjiers hiene faak klachten oer stjonkerij, smoargens en oerlêst fan frachtweinen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)