Freule finale Aldebiltsyl-Reahûs

© Omrop Fryslân
De finale fan de Freule gie tusken de jongespartoeren fan Aldebiltsyl en Reahûs. Yn de heale finale gienen de partoeren fan Boalsert en Rie ûnderút. De finale is ferrassend te neamen.
De favoryt Wommels gie der yn de earste list ôf en de oare favoryt Wytmarsum kaam net fierder as de tredde list. De jonges fan Rie waarden ek troch kenners tipt, mar hellen it krekt net.