Byldhorloazje presintearre

09 mrt 2012 - 17:29

Nei jierren fan ûntwikkeling is it lang om let safier: de lansearring fan it byldhorloazje. It is in horloazje foar minsken dy't gjin gefoel foar tiid hawwe. Ben Bunt fan Akkrum is de betinker. Steatssiktaris Marlies Veldhuijzen van Zanten wie oanwêzich by de lansearring fan de Fryske útfining. It earst horloazje waard oerlange oan Nienke Bunt. Om har is it allegearre begûn. Se hat in ferstanlike beheining en gjin besef fan tiid.

De presintaasje wie freed yn ien fan de heechste gebouwen fan Nederlân, de Rabobank yn Utert.

Dat Nienke Bunt gjin besef fan tiid hie, wie foaral lestich foar har âlders, doe't se op har sels wenjen gie. Nienke belle se konstant om nei de tiid te freegjen. Har heit, Ben Bunt, betocht doe it byldhorloazje. En dat liket in grut sukses te wurden. It byldhorloazje wurdt al troch soarchfersekerder De Friesland fergoede. De ferwachting is dat de kommende jierren tsientûzenen byldhorloazjes ferkocht wurde sille. Soarchynstelling Talant hat al in pear hûndert besteld. En ek fanút België, Sweden en Kanada is der belangstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)