LPF Fryslân ferrast troch Herben

08 aug 2002 - 00:00

Fraksjelieder Mat Herben fan de LPF stapt te gau op. Neffens Johan Wiersma, foarsitter fan de LPF Fryslân, hie Herben noch wol in jier de foarman bliuwe moatten. Lykas foar de measte leden kaam it nijs ek foar Wiersma ûnferwachts.

Herben stapt op fanwegen de krityk op syn persoan. De achterbân fynt him te leaf en hy is gjin partijlieder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)