Keatse op fuotbalfjild

08 aug 2002 - 00:00

De tariedings foar de Freule binne wer begûn. Nei't rein spulbrekker wie op de 100e keatspartij woansdei yn Wommels, meitsje de meiwurkers it fuotbalfjild klear foar de kwartfinales. It haadfjild is noch te wiet. Publyk mei der fergees by, mar sitte kin net. De tribunes binne al ôfbrutsen.

It keatsen begjint om 15.00 oere. Omrop Fryslân radio docht ferslach.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)