Freulekeatsen tongersdei fierder
De 100ste Freule-keatspartij yn Wommels is woansdeitemiddei letterlik yn it wetter fallen. Yn 'e middei begûn it slim te reinen. It dochs al trochwiete fjild koe dat ekstra wetter net mear ferwurkje. Fanwege feilichheidsredenen waard fiif oere besletten op te hâlden.
Tongersdei om trije oere sil fierder keatst wurde op de stân sa't dy op it momint fan ophâlden wie.