Wetterskip ferleget simmerpeil

© Omrop Fryslân
Wetterskip De Waadkant hat woansdei it wetterpeil yn syn gebiet ferlege mei sa'n 10 sintimeter. It is bedoeld om te antisipearjen op noch mear reinwetter yn de kommende dagen.
De systemen fan it wetterskip binne bedoeld om in 10 oant 15 milimeter wetter deis te ferwurkjen. De lêste dagen foel der soms wol 75 milimeter op in dei. En der komt noch mear oan.