Werynrjochting kaaien yn Snits

07 aug 2002 - 00:00

Yn Snits wurde Rienck Bockemakade en de Kleine Palen meikoarten opknapt. In belangrike feroaring is it op 'e nij ynrjochtsjen fan de parkearplakken. Se wurde sa oanlein dat se tagelyk ferkearsremjend wurkje.

Fierder komt der in kuierstrook by it wetter del, der komme beammen en de ferljochting wurdt oanpakt. It wurk bgejint moandei. De dyk wurdt ôfset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)