Botero wint profronde

© Omrop Fryslân
De Kolumbiaan Santiago Botero hat de profronde fan Surhústerfean wûn. De nûmer fjouwer fan de Tour de France wie tiisdeitejûn de rapste op de Kolk. Twad waard Robbie McEwen en tred Karsten Kroon fan de Raboploech.
De fytsers rieden ûnder in soad publike belangstelling in koers oer 57 ronden fan hast 1500 meter. Foar de 57e kear waard de hurdfytswedstriid hâlden.