Ynbraak Present komt hurd oan

09 mrt 2012 - 17:05

Unbekenden hawwe ynbrutsen yn it kantoar fan de stichting Present yn Ljouwert. De wearde fan it meinommen guod út it kantoar oan de Marshallweg is net heech, mar dochs komt de ynbraak hurd oan. De ynbrekkers ha in kompjûter, printer, túnark, mar ek it kofjesetapparaat en de wettersieder meinommen.

Present is in stichting dy't bemiddelet tusken minsken dy't help nedich hawwe en minsken dy't graach helpe wolle. Dêrby kinne jo tinke oan it dwaan fan putsjes yn en om hûs, lykas skilderwurk, behingje, himmelwurk en it opknappen fan 'e tún.

Yn 2011 hat Present 101 projekten útfierd yn Ljouwert.

Trefwurden: 
ynbraak Present Marshallwei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)