'Net samar sjitte op fûgels'
De Faunabeskerming sleept de provinsje Fryslân foar de rjochter. De provinsje soe te maklik tastimming jaan om roeken en wetterfûgels ôf te sjitten.
Neffens de nije floara- en faunawet mei op fûgels sketten wurde as se grutte skea feroarsaakje. De provinsje hat dat net ûndersocht seit de Faunabeskerming. No mei in grûneigner 'gewoan' mei in jachtfergunning op de fûgels sjitte.