Problemen troch wolkbreuk
De wolkbreuk fan moandeitemiddei hat foar in soad oerlêst soarge. Kelders rûnen fol en strjitten kamen blank te stean. It rioel koe it wetter amper ôffiere. De brânwacht moast kelders leechpompe.
UPC hie yn Ljouwert in steuring yn de kabel troch wetterskea. Op guon plakken dienen televyzje, radio en ynternet it net. Nei fjouwer oeren wie it oer.