Waar spulbrekker Sneekweek

05 aug 2002 - 00:00

De organisaasje fan de silerij yn de Sneekweek hat moandeitemiddei besletten mei de wedstriden op te hâlden. Dat barde om goed healwei fjouweren doe't de tongerbuien mei dêryn in soad rein en wynpûsters yn heech tempo rjochting Snitsermar opskoden.

Op dat momint sylden 13 klassen mei sa'n 400 boaten op 'e mar. De organi- saasje achte trochgean ûnferantwurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)