Besunigings by ôfskaffing OZB
De gemeente Ljouwert moat flink besunigje as de ûnreplik guod belesting (OZB) ôfskaft wurdt. Minister Heinsbroek fan Ekonomyske Saken wol de belesting yn 2003 skrasse. De gemeente soe dan sa'n 4 miljoen euro minder oan belestingynkomsten binnenkrije.
Ljouwert soe dan besunigje moatte op bygelyks feilichheidsbelied en sport.