Botero nei Surhústerfean

05 aug 2002 - 00:00

De Kolombiaan Santiago Botero komt tiisdei nei Surhústerfean om mei te dwaan oan de profronde. De 29-jierrige Súd-Amearikaan wûn yn 'e Tour de France twa etappes en waard fjirde yn it einklassemint. It is foar it earst dat Botero meidocht yn Surhústerfean.

Al earder waarden griene trui-winner Robby McEwen en de Nederlanners Karsten Kroon en Erik Dekker fêstlein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)