Wytmarsum wint generale Freule

05 aug 2002 - 00:00

It jongespartoer fan Wytmarsum hat sneon yn Frjentsjer de generale foar de Freulepartij wûn. It Watmarsumer partoer bestiet út Jacob Zaagemans, Gert-Jan Meekma en Herman Sprik.

Yn 'e finale waard Rie oan kant fage mei 5-2 en 6-4. Tsjummearum waard tredde. It wie al foar de tredde kear achterinoar dat Wytmarsum de ôfdielingspartij yn Frjentsjer wûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)