Pieter Weening 10de op EK
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema waard snein 10de op it EK foar riders ûnder de 23 yn Bergamo yn Italië. Weening koe in skoft lang goed meikomme yn in kopgroep fan fiif man, mar waard krekt foar de finish ynhelle troch it peleton.
Weening wie net tefreden oer it 10de plak. Hy hie rekkene op in hegere klassearing.