4000 fans op iepen dei Cambuur

04 aug 2002 - 00:00

De tradisjonele iepen dei fan SC Cambuur luts sneon sa'n 4000 fans nei it stadion. De spilers waarden dit kear presintearre yn oldtimers. Der wie fansels wer in hantekening-sessy en in optreden fan dûnsgroep Efdee en de band Cajun Beano.

It programma waard in bytsje ynkoarten fanwege de rein. Cambuur ferkocht oant no ta 2400 seizoenkaarten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)