'Dicky's Pet' yn stedhûs Snits

© Omrop Fryslân
Ter gelegenheid fan de Snitswike is Dicky's Pet te besjen yn de publykshal fan it stedhûs fan Snits. Dicky's Pet is in tankjewol-priis fan de stifting Dicky van der Werffûns.
Dicky van der Werf wie earder tige aktyf op en mei it skûtsje fan Snits, de Sneker Pan. Doe't hy dêr mei ophold is der in sponsorklub oprjochte. De pet fan Van der Werf is neimakke yn sulver.