Cambuur-Stienwyk: 6-2
SC Cambuur wûn freed de oefenwedstriid tsjin sneins twaddeklasser Stienwyk mei 6-2. De Ljouwerter goals kamen op namme fan Martijn Gootjes (2x), Ferdino Hernandez, Hakim Chatouani, Menno Reinders en Lionel Lord.
De wedstriid wie yn 'e earste helte in tamme fertoaning en dêr wie Cambuur-trainer Rob MacDonald min oer te sprekken.