Soad belangstelling Bernleffilm

© Omrop Fryslân
Der is in soad belangstelling foar de Kameleonfilm fan studinteferiening Bernlef. De Frysktalige film giet op snein 18 augustus yn premjêre yn Grins. De film is dy dei seis kear te sjen, trije fan 'e seis foarstellings binne al útferkocht.
Bernlef is dit wykein dwaande om rûnom yn Fryslân filmposters te plakken. De film fan Bernlef duorret 20 minuten.