Swimferbod foar Griene Stjer

03 aug 2002 - 00:00

De provinsje Fryslân hat in swimferbod ynsteld foar De Griene Stjer by Ljouwert. De provinsje docht dat fanwege in hege konsintraasje blau-alch. Blau-alch kin liede ta sûnensklachten lykas mislikheid.

De blau-alch is freed fêststeld. Der binne al warskôgingsbuorden pleatst by De Griene Stjer. Moandei wurde wer meunsters nommen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)