Hearrenfean rûn mei Hansson

02 aug 2002 - 00:00

Sportclub Hearrenfean is freed definityf rûn kaam mei de Sweedske spiler Petter Hansson. De 25-jierrige sintrale ferdigener is ôfkomstich fan Halmstadt BK. Petter Hanssson tekene by Hearrenfean in kontrakt foar 4 jier, mei in opsje foar noch in jier. De nije oanwinst sil him kommende moandei by syn nije klup melde foar de earste training.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)