Siebo Zijsling wint by De Lemmer

02 aug 2002 - 00:00

It skûtsje 'Striidber' fan Siebo Zijsling fan Drylts is freed earste wurden yn de foarlêste IFKS-wedstriid by De Lemmer. Klassemint-oanfierder Eelke Dijkstra waard tredde yn dizze race.

Jeroen de Vos die it diskear net sa hiele bêst en kaam yn yn de middenmoat telâne. Jacob Huisman hie in falske start en moast opnij starte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)