Ekstra plysje-ynset by Snitswike

02 aug 2002 - 00:00

De plysje set mei de Snitswike ekstra plysjeminsken yn. Neist surveillânse- hûnen binne der alle nachten tusken de 15 en 20 plysjeminsken beskikber. De plysje sil de hiele wike in 'lik-op-stuk'-belied fiere.

Dat hâldt yn dat alkoholgebrûk en wyldplassers fuort oanpakt wurde. Dêrnjonken wurdt ekstra tafersjoch hâlden op it wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)