'Ferjierringstermyn ôfskaffe'
Fertochten fan moard moatte altiten ferfolge wurde kinne. Dêrom wolle it CDA en D66 de ferjierringstermyn fan 18 jier foar moard en 15 jier foar deaslach ôfskaffe.
Beide partijen wize op de mooglikheid fan DNA-ûndersyk wêrtroch nei jierren noch ynformaasje oer saken boppe wetter komme kin. De advokatuer is tsjin it foarstel fan CDA en D66.