Drachtsterbrêge wer ôfsletten

01 aug 2002 - 00:00

De Drachtsterbrêge yn Ljouwert hat tongersdeitemoarn foar de fjirde dei ôfsletten west foar ferkear. Wie earder it waarme waar debet oan de problemen, no gie it om in technyske steuring. De slachbomen koenen net mear omheech.

Oan de ein fan de moarn stienen der al wer lange files. Ferkear dat de stêd yn woe, moast omride oer Burgum of Deinum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)