Biggen yn benaude sitewaasje

01 aug 2002 - 00:00

In lytse twahûndert biggen binne woansdei oan de ferstikkingsdea ûntkaam. De frachtwein dêr't se yn ferfierd waarden nei Makkingea, kantele yn Easterwâlde.

De brânwacht hat de bisten fan boer Cloo út Easterwâlde sa gau mooglik befrijd. Tsien barchjes wienen dochs dearekke doe't de bisten allegear nei ien kant op elkoar fallen wienen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)