Partoer Van der Meer wint PC
It partoer fan Rutmer van der Meer, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra wie woansdei de ferrassende winner fan 'e 149ste PC. Van der Meer en dy wiene yn de finale folle sterker: it waard 5-1 en 6-4.
Benammen in searje boppeslaggen fan Jacob Wassenaar - de jongere broer fan Chris Wassenaar - makke it Minnesma en dy bysûnder lestich.