Van der Meer en Abma troch
Yn de twadde omloop is de earste heale finalist bekend. It partoer fan Rutmer van der Meer mei Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra wûn. Se wiene sterker as Herman Vijlbrief, Michel van der Veen en Simke Altenburg mei 5-4 en 6-4.
De oare heale finalist is it partoer fan Johan Abma, Tjitte Bonnema en Daniël Iseger. Se wûnen mei 5-3 en 6-4 fan Pieter Bakker-en-dy.