Wetter en fjoer troch needwaar

© Omrop Fryslân
Yn twa hûzen yn Ljouwert is tiisdei de tonger ynslein. Yn de Leeuwerikstrjitte sloech de bliksem yn it dak. De boppeste ferdjipping stie yn de brân. Huzen oan wjerskanten hienen reekskea. Yn de Cesar Franckstrjitte is de wjerljocht yn de skoarstien ynslein.
Yn Heech stie in part fan de Skatting ûnder wetter. It wetter as gefolch fan de swiere buien kaam hast de huzen yn.