Lykauto bekrast yn Snits

© Omrop Fryslân
In lykauto is moandei bekrast tidens in begraffenistsjinst. Dat barde yn Snits. Begraffenisûndernimmer De Boer hie op fersyk fan de famylje in wite lykauto liend foar de begraffenis.
Doe't de sjauffeur werom kaam út 'e aula seach er dat der allegear grutte krassen sieten op 'e auto. De Boer hat gjin idee wa't de auto bekrast hat. De plysje ûndersiket de saak.