Favoriten tsjin inoar op PC

© Omrop Fryslân
Yn De Koornbeurs yn Frjentsjer is moandeitejûn lotte foar de 149e PC, takom woansdei. Oan de ferneamde keatswedstriid dogge 16 partoeren mei.
Yn de earste omloop moatte in tal sterke partoeren daliks al tsjin inoar. Minnesma en dy nimme it op tsjin Van Tuinen en dy. It partoer van Dijkstra (mei de ôfskienimmende Porte) moat tsjin dat fan Berkepas.